Blauwborst. Foto: Jappie Seinstra
Fjildrop
|
De Fjildrop is ons magazine en verschijnt tweemaal per jaar.
Nr.100 ligt bij eenieder op de deurmat als het goed is. Op de voorplaat één van onze iconische weidevogels. De foto werd Jappie Seinstra voor ons gefotografeerd. Deze Honderste Fjildrop had een feestelijk nummer moeten worden. Het is zeer droevig, dat Jappie niet meer onder ons is. Altijd stond hij voor de redactie klaar. Zijn Ljip op de voorzijde zien we als eerbetoon aan deze fûgel- en fjildman. In deze fjildrop blikken we terug op het rijke vogelverleden van onze fûgelwacht, met eerder gepubliceerde opmerkelijke wederwaardigheden, afgewisseld met nieuwe verhalen en terugblikken. Dit is het jaar van de steenuil: daar meer over in nummer 101. Fjildrop sjocht it ljocht yn 1981
Der is by de oprjochting fuort úteinsetten mei in Mededelingenblad foar de fûgelwacht. Yn it earstoan in skoftsje trije as fjouwer kear yn’t jier, mar al ridlik gau twa kear yn’t jier. It bestjoer hie in priisfraach útskreaun om in moaie namme foar it blêd te krijen. Dat wie net ienfâldich. Der kamen wol wat reaksjes, mar hja kamen der earst net rjocht út. Mar yn de maaitiid fan 1981 is dochs in kar makke: de Fjildrop. Der wie ek in argumentaasje bij de namme yn de foarm fan in koart gedicht. Dat gedicht gong sa:
It fjild ropt de aaisiker
maaityds by de kachel wei. It fjild ropt him dêrnei om help. Yn’t fjild ropt eltse fûgel syn lûd. Skril is de rop boppe it folle nêst as de minske by it nêst omstrúnt. Lûd ropt it fjild yn de stille winter. Stil is dan de rop fan de fûgel. Lit dit de fjildrop wêze sa ’t it yn ’t fjild wêze moat fan wa en wannear dan ek. |
|