Fûgels fan de Trynwâlden
Wy hawwe hjir yn de Trynwâlden in grut ferskaat oan fûgels. Sa no en dan komt der in nije soart by, as nije bewenner, somtiden as gast foar mar inkele dagen, wiken, op trek nei it Súden as nei it Hege Noarden. Utgongspunt fan de list Fûgels yn de Trynwâlden is it 'Oersjoch Neisoarch Risseltaten Trynwâlden' oer 2025 (sjoch Fjildrop Hjerst 2025 op siden 18 en 19).
Us doel is, dizze list yn de kommende tiid hielendal ynoarder te krijen, mei foto's dy't hjir yn de Trynwâlden makke binne. Fan in tal fûgels ha wy noch gjin plaatsjes dy't hjir yn de omkriten makke binne. Miskien kinne jimme ús dermei helpe?
Reaksjes graach nei de webredaksje.
Us doel is, dizze list yn de kommende tiid hielendal ynoarder te krijen, mei foto's dy't hjir yn de Trynwâlden makke binne. Fan in tal fûgels ha wy noch gjin plaatsjes dy't hjir yn de omkriten makke binne. Miskien kinne jimme ús dermei helpe?
Reaksjes graach nei de webredaksje.
De fûgelnammen steane yn (Fryske) alfabetyske folchoarder. Fan in tal binne ek de oare nammen der by set. Guon binne wiidbekend, oaren wer net of yn ûnbrûk rekke. Ek ha wy sjoen nei de nammen yn 'de oare Fryslannen' en de eilannen fan it Nederlânske, Dútske en Deenske Waadgebiet.
|
Blokmies (Parus major)
Blokmees Oare fryske nammen: neist de offisjele namme Blokmies, binne der noch wol seis oare Fryske nammen: Blausyske, Gielboarstje, Skyt-yn-’t-fjoer, Stiselkop, Swartkopke, Swartkopkedidyt. Oant foar 15 jier wie Blokfink de offisjele namme; dat is no Blokmies. |
|
Fjildûle (Asio flammeus)
Velduil Oare nammen: Katûle, Katuul (Frjentsjer), Kaatüül, (Mooring Frysk) Kåtööl en Kadüül (Noardfrysk)
De namme Katûle wurdt sa't bliken docht út it Wurdboek fan de Fryske Taal (WFT) ek wol brûkt foar de Hoarnûle en de Goudûle. |
|
Goudûle (Tyto alba)
Kerkuil Oare nammen binne: Tsjerkûle, Tsjerkhôfsûle, Toerûle en Waarûle
|
|
Ljip (Vanellus vanellus)
Kievit Oare Fryske nammen: Liip, Lip, Lyp, Leep en sels ek Kivyt; yn it Noard-Fryske taalgebiet binne der ek tal fan farianten: Leap en Liiw (Hilgelân/Helgoland), Liap, mar ek Liiw op Amrum en Föhr; Liip yn it Mooringer Frysk; Lip yn it Frysk fan Wiedingharde; op Teksel brûke se Kiewit en Kieft.
|
|
Strânljip (Haematopus ostralegus)
Scholekster Oare Fryske nammen: Fjildakster, Fjildekster, Bûnte Liuw/Ljip/Pyt, Stynske Ljip of Liuw neamd. De namme Bûnte Liuw komt yn ferskate foarmen yn 'e noardlike dialekten foar: Bonteluw, (Amelânsk); Lieuw(e) (Tekselsk); Lieuw(e) en Bonkte Lieuw (Wieringsk). Wat fierder fuort, op it Hilgelân, Amrum en Föhr: Liiw; op Sylt: Lüüv.
|
Kijk hier voor meer foto's van onze leden en vogelvrienden